Mishanneling op Skylge

© Omrop Fryslân
In ynwenner (18) fan Nootdorp is yn de nacht nei snein op in kamping yn Formearum, Skylge, oanholden foar mishanneling. De fertochte wie earder dy jûn ek al oanholden foar iepenbiere dronkenskip.
De fertochte hie de eigner fan de kamping oanfallen en ien fan de kampinggasten slein. In befeiligingsmeiwurker hat de fertochte oerdroegen oan de plysje.