Gefaarlik rydgedrach

29 jul 2007 - 14:21

De plysje hat sneontejûn op de Séwei op De Jouwer in automobiliste (32) fan Snits oanholden op fertinking fan gefaarlik rydgedrach en it riden ûnder ynfloed. De automobiliste foel op omdat de bumper fan har auto ûntbruts.

Ek seagen de plysjeminsken dat de frou slingere, wêrby't se geregeld op de oare helte fan de dyk telâne kaam. Mei in soad muoite slagge it de plysje om de auto ta stilstân te krijen. It rydbewiis fan de frou is ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)