Skûtsjes sile net op Starum

it skûtsjesilen op Starum gie sneon net troch
De silerij by Starum is sneon ôfsein. Lang like it derop oft de skûtsjes fan de SKS wol sile kinne soenen. Mar om 14.00 oere hie de wyn oanhelle oant krêft seis. Der stienen skûmkoppen op it wetter. De kommisje hat it net oandoard om de wedstriid trochgean te litten fanwegen de feilichheid.
It is al de twadde wedstriid fan dit kampioenskip dy't ôfsein is. Earder gie Earnewâld ek al oer fanwege de hurde wyn.