Tinkflinter yn Snits fernield

28 jul 2007 - 13:12

Fandalen ha in tinkstien yn Snits fernield. De tinkstien yn de foarm fan in flinter wie foar in jonge (13) dy't by in ûngelok omkaam is. De flinter is yn desimber flakby it stasjon pleatst. Foar in soad minsken wie de flinter in markant punt, dêr't se eefkes stil by stiene.

De âlden fan de jonge ha de stien wer by de makker brocht. Dy sil besykje om sa gau mooglik in nije tinkstien yn Snits te pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)