Goed 1000 kilo drugs yn boat

28 jul 2007 - 12:21
  • de dûane hellet it skip leech
  • der is goed 1000 kilo softdrugs oantroffen

De plysje hat mear as tûzen kilo softdrugs fûn by it ûndersyk op in sylboat yn de haven fan Harns. It guod hat in strjitwearde fan inkele miljoenen euro's.

Fjouwer bemanningsleden binne oanhâlden. De drugs yn it syljacht binne freedtemoarn betiid fûn by in dûane-kontrôle op de Noardsee boppe it Amelân. It jacht is dêrnei nei de haven fan Harns sleept foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)