F-16's sneontemoarn yn aksje

28 jul 2007 - 12:17

Twa F-16's fan Ljouwert binne sneontemoarn de loft yngien om in fleantúch te ûnderskeppen. De piloat fan it ûnbekende fleantuch hie him net melden by de ferkearslieding doe't er it Nederlânske loftrom ynkaam.

De Ljouwerter F-16's ha letter wol radiokontakt meitsje kinnen mei it boargerfleantúch. Nei trije kertier kamen de F-16's wer op de basis. Yn in grut part fan Fryslân wie te hearren dat de F-16's yn de loft wienen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)