Mooglik stasjon foar Aldegea

28 jul 2007 - 10:22
  • Aldegea wol graach in stasjon ha dêr't de stoomtrein fan Snits ek delkomme kin

De gemeente Wymbritseradiel is posityf oer it plan om it doarp Aldegea wer in treinstasjon te jaan. Earder joech de provinsje al jild foar in helberheidsûndersyk. Doarpsbelang Aldegea (W) naam it inisjatyf.

It doarp wol graach oanslute op de stoomtreinferbining tusken Snits en Starum. Wethâlder Gerbrandy is posityf en sei ta dat de gemeente meiwurkje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)