Lûdsskermen by A32

© Omrop Fryslân
De wyk Skoatterswâld by Hearrenfean hat fan desimber ôf minder lûdsoerlêst. Moandei wurde nije lûdsskermen pleatst lâns de A32. De skermen wurde pleatst tsjinoer it Abe Lenstra Stadion. De wyk Skoatterwâld wreidet hieltyd mear út en om oerlêst fan it ferkear safolle mooglik te beheinen wurde der skermen pleatst.
De oprit út Skoatterswâld de A32 op wurdt moandei ôfsletten foar ferkear. Der is in omlieding.