Drugsskip ûnderskept op see

27 jul 2007 - 20:13

Op 'e Noardsee boppe Amelân is freedtemoarn betiid by in kontrôle troch de dûane in sylskip ûnderskept. Der siet in grutte partij softdrugs op it skip. It skip is yn 'e haven fan Harns ûndersocht troch de FIOD en de wetterplysje.

De fjouwer bemanningsleden binne oanhâlden. Oer de identiteit fan de fertochten en wearde fan de partij drugs wol de plysje noch neat sizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)