Drege tiden 'Surhústerfean'

De skandalen yn 'e Tour de France ha ferfelende gefolgen foar de profronde fan Surhústerfean op 7 augustus. It is foar de organisaasje dreech om dielnimmers te finen, no't de hurdfytswrâld op 'e kop stiet. Michael Rasmussen ferskynt net nei syn ûntslach by de Rabobankploech.
De sân Nederlânske fytsers dy't oan 'e Tour meidogge, binne útnoege, mar de organisaasje hat oant no ta noch neat fan se heard.