Oanhâlding lost ynbraken op
De plysje hat 30 ynbraken yn Fryslân oplost mei de oanhâlding fan in groep fan 8 jonges. Se komme út Ljouwert, Frjentsjer, Feanwâlden en Sint Anne.
Neffens de plysje ha de jonges wol foar 100 tûzen euro skea oanrjochte. Se hawwe ynbrutsen yn in grut oantal sportakkommodaasjes, bedriuwen en wenningen, rûnom yn Fryslân.