'Bouwe by kanaal gefaarlik'

© Omrop Fryslân
It ûngelok mei it skip freed yn Grou lit sjen dat it gefaarlik wêze kin om ticht by it wetter te bouwen. Dat seit ynspekteur foar de skipfeart Klaas Rozendaal fan de provinsje. It skip rekke yn 'e wâl en fernielde in fakansjehûs, mei dêryn fjouer minsken.
Foar it bouwen by kanalen jilde strange regels. By bebouwing binnen 30 meter fan in kanaal moat de provinsje tastimming jaan. Bouwe oan it wetter is populêr by projektûntwikkelders.