Guod Grins mooglik nei Fryslân

Mooglik krijt it Natuermuseum yn Ljouwert guod fan syn kollega út Grins
Der is lytse kâns dat Natuermuseum Fryslân in diel fan de kolleksje fan it Grinzer natuermuseum oernimt. In moanne lyn besleat de Grinzer polityk dat it natuermuseum dêr ticht moat. De sluting soarget by de oare natuermusea yn it lân foar grutte opskuor.
Yn in brief oan it kolleezje skriuwe se dat it museum iepen bliuwe moat mar dy kâns is nihyl. As it safier komt, wol it Fryske natuermuseum sjen oft in diel fan de kolleksje yn Ljouwert past.