Stookhok Lindenoord fernield

27 jul 2007 - 11:33

It âlde stook- en koalehok fan it monumintale Huize Lindenoord yn Wolvegea is fernield. Der is in grut gat yn de stiennen muorre slein. It haadgebou fan Lindenoord is eigendom fan 'e gemeente Weststellingwerf en stiet op de monumintelist.

Yn it gebou wurdt troud en it wurdt ferhierd oan in makelder. It stiet no leech. De gemeente hat oanjefte dien. Lindenoord wie it achttjinde ieuske bûtenferbliuw fan 'e grytman.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)