Frachtskip by Grou fuortsleept

27 jul 2007 - 11:04
  • De boat boarret him yn it hûs
  • Fan it hûs bleau net folle oer

It skip dat freed tsjin in fakânsje- wente oanfearn is by Grou, is deselde moarn noch fuorthelle. In sleepboat en in oar frachtskip hawwe oardel oere dwaande west mei de berging. It skip hie gjin skea en koe wer trochfarre.

It KLPD hat ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok. De skipper hie te min rêst naam en wie yn sliep fallen. Hy hie krekt it roer fan syn frou oernaam, doe't it ûngelok barde. De skipper krige proses-ferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)