Motorriders op 'e bon

27 jul 2007 - 10:58

Twa motorriders binne woansdei har rydbewiis kwytrekke by Snits. De plysje seach dat it duo de rotonde by De Jouwer fierste hurd naam. Se stoden dêrnei de kant fan Snits út en rieden betiden goed 200 kilometer yn 'e oere. De plysje hie de grutste muoite de snelheid fan 'e motors te mjitten.

By Snits binne de twa oanhâlden. Behalve dat se it rydbewiis ynleverje moasten, krigen de twa motorriders ek prosesferbaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)