Oanhâldings foar berôving

27 jul 2007 - 10:17

Twa Ljouwerters fan 20 en 19 binne oanhâlden foar in oerfal mei fjoerwapen op in âlde frou yn Meppel. Earder waard ek al in 20-jierrige Ljouwerter yn dizze saak oanhâlden.

De trije Friezen hawwe op 10 july de âlde frou mei in fjoerwapen oerfallen yn har hûs. Doe't sy begûn te gillen binne de trije útnaaid. Ien fertochte is troch in buertbewenner oanhâlden. De trije wurde ek fertocht fan berôvings yn Nijkerk en Onna.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)