Asfaltauto oer de kop

De betonauto leit op 'e kop (foto Broersma, Drachten)
By Bûtenpost is freedtemoarn om kertier oer seizen in frachtauto mei asfalt kantele. Dat wie op in rotonde yn 'e N355, de dyk Ljouwert-Grins. De 51-jierrige sjauffeur út Sappemeer rekke ferwûne by it ûngelok. Hy is mei de ambulânse nei sikehûs MCL yn Ljouwert brocht.
It ûngelok ûntstie trochdat de sjauffeur ferbline waard troch de opkommende sinne. Boppedat wie de dyk glêd.