Weening: 'Te hurd oardiel'

Pieter Weening fan de Harkema (argyf)
Der is te hurd oerdield oer Michael Rasmussen, de kopman fan de Raboploech yn de Tour de France. Dat fynt hurdfytser Pieter Weening fan de Harkema. Neffens him is der fral reagearre op geroften en net op feiten.
Weening fynt dat in soad minsken no krekt dogge as hie Rasmussen doping brûkt. Dêr is lykwols gjin bewiis foar levere. Weening wie der fan oertsjûge dat Rasmussen mei syn tiim wûn hie as hy woansdei net ûntslein wie.