Ballonnen Jouwer oan de grûn

26 jul 2007 - 20:11

De ballonnen binne tongersdeitejûn oan de grûn bleaun by de ballonfeesten fan De Jouwer. Om 18.00 oere naam de organisaasje it beslút dat it te hurd waaide om de loft yn te gean.

Woansdei wie de start fan de ballonfeesten. Doe koe der wol flein wurde. Der kamen doe ûngefear 3000 minsken. Tongersdei hâlde it mei inkele tsientallen wol op. Dy krigen koarting op it kaartsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)