Grou winner SKS Langwar
It Grouster skûtsje hat it skûtsjesilen by Langwar wûn. Douwe Visser kaam al ridlik gau los fan de oare skûtsjes by de start. De Lemmer eindige op it twadde plak, Langwar op it tredde.
Woansdei moast it skûtsje fan Grou flak foar de einstreek it wetter noch ferlitte. Mei de hurde wyn wie in net langer fertroud om fierder te farren mei de earder skansearre mêst.