'In drama foar it hurdfytsen'

Joop Atsma: 'saak-Rasmussen is in drama foar de hurdfystsport'
It fuortstjoeren fan Rasmussen is net allinnich in goede kar. Neffens Twadde keamerlid en âld-foarsitter fan de Nederlânse Hurdfytsuny Joop Atsma is it ek in drama foar it hurdfytsen.
Earst wie der al it dopinggebrûk fan Vinokourov. Dat Rasmussen no ek fuortstjoerd wurdt, bringt it hurdfytsen no noch mear skea ta. Neffens Joop Atsma is it lykwols wol in goede kar fan de Rabobankploech om Rasmussen út 'e Tour te setten.