Weening dochs fan start

Pieter Weening (hjir op argyf)
Pieter_Weening fan 'e Harkema begjint tongersdei gewoan oan 'e etappe yn de Tour de France. Der wie ûnwissens oft de ploech fan Weening, de Rabobankploech, wol begjinne soe. Dat wie nei oanlieding fan it fuortstjoeren fan ploechgenoat en giele-truidrager Michael Rasmussen.
De hurdfytsers hawwe sels besluten troch te gean. Sadwaane kin Weening foar de tredde kear de finish yn Parys helje.