Ark stellen út saak Nijehaske

© Omrop Fryslân
By in bedriuw oan it Businesspark Fryslân-West by Nijehaske is ark út 'e winkel stellen. De ynbrekker of ynbrekkers binne troch in ynbrutsen rút deryn kaam. Oft der noch mear stellen is, moat noch ûndersocht wurde.
Der is ek noch besocht in rút fan it kantoar iepen te krijen, mar dat is net slagge. Mooglik binne de dieders steurd. De technyske resjerzje docht in spoare-ûndersyk.