Ballonfeesten fan start gien

26 jul 2007 - 10:29

Op 'e Jouwer is de 22e edysje fan de ballonfeesten út ein set. Fan 'e Nutsbaan ôf wurde oant en mei snein alle jûnen ballontochten hâlden. Der dogge dit jier wer 35 ballonnen mei. Fyftjin hawwe in aparte foarm. Dit jier is der neist in kat, in lokomotyf ek in grut kondoom te bewûnderjen.

Neist de ballontochten wurde der tal fan oare aktiviteiten hâlden, lykas muzykoptredens. De organisaasje ferwachtet 25.000 besikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)