Man (56) slacht famke (12)

© Omrop Fryslân
In man fan 56 út Nij Beets is troch de plysje oanhâlden, omdat er fertocht wurdt fan it mishanneljen fan in 12-jierrich famke út 'e Gordyk. De twa soenen op in terras oan de Boerestreek yn Appelskea rûzje krigen hawwe. De man soe it famke dêrby slein hawwe.
It famke rûn ûnder oare ferwûnings oan de pols en it gesicht op. Se moast dêrfoar behannele wurde troch in dokter. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de mishanneling.