Buske klem yn tunneltsje

© Omrop Fryslân
In buske hat woansdei klemsitten yn in tunneltsje yn de Rydwei yn 'e Rottefalle. De bestjoerder hie it buordsje mei de hichte fan 'e tunnel oer de holle sjoen. Nei fiif meter kaam it buske mei de koelynstallaasje fêst te sitten.
Troch de lucht út de bannen rinne te litten koe it buske wer losmakke wurde. De koelynstallaasje en boppekant fan it buske rekken skansearre, de tunnel net.