Schuil troch op WK beachvolley

25 jul 2007 - 21:50

Beachvolleyballer Richard Schuil van Ljouwert hat op it WK yn Switserlân mei syn teamgenoat Reinder Nummerdor ek de twadde wedstryd wûn. Dat slagge har sûnder te spyljen. Har tsjinstanders út Amerika kamen te let op it fjild en dêrom krigen Schuil en Nummerdor in reglementêre winstpartij tawiisd.

It duo is troch de twa oerwinnings wis fan de folgjende ronde yn it WK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)