Besite Súd-Afrikaanse scouts

25 jul 2007 - 16:21

De Froskepôle by Ljouwert wie woansdei it domyn fan Fryske en 140 Súd-Afrikaanske scouts. De Súd-Afrikanen binne op trochreis nei de Wrâld Jamboree yn Ingelân en bringe foarôfgeand in besite oan Nederlân. Se wiene yn Fryslân omdat de Fryske scoutinggroepen in partnerskip hawwe mei groepen yn Súd-Afrika.

De scouts moasten mienskiplik ûnder oaren flotbouwe, kanofare, bôgesjitte en behendichheidsspultsjes dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)