Fjouwer skûtsjes út wedstryd

25 jul 2007 - 15:47

De skûtsjes fan De Lemmer, Ljouwert, De Jouwer en Grou leine woansdei út de SKS-silerij. De Lemmer makke in goede start, mar skipper Ale Zwerver botste op de earste boppeste tonne en moast in draai meitsje. By in folgjende tonne rekke er de tonne wer. Zwerver hat doe de wedstryd ferlitten.

It Ljouwerter skûtsje gie om nei in wynpûster. Der moat in nije gyk op. De Jouwer is nei in oertreding derút gien. Grou hie averij oan de mêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)