Ljouwerter ferzy fan Uitmarkt

© Omrop Fryslân
Kulturele ynstellings yn Ljouwert wurkje gear by de iepening fan it nije kulturele seizoen sneon 15 septimber. De santjin ynstellings smite de doarren iepen foar in iepen dei. It giet dan bygelyks om De Harmonie, it Filmhûs, Tresoar en Romein. As it in sukses wurdt, moat de mienskiplike iepening alle jierren plakfine.
De inisjatyfnimmers hawwe in manifestaasje lykas de Uitmarkt yn Amsterdam foar eagen.