Boerecampings Skylge tastien

25 jul 2007 - 12:40

Boeren op Skylge meie by har bedriuw in camping begjinne. Op de camping meie maksimaal tsien tinten komme te stean, oare kampearmiddels binne net tastien. Sa'n seis fan de 20 boeren op it eilân soenen belangstelling ha foar it begjinnen fan in camping. Op syn meast sân sille dêr fan de gemeente tastimming foar krije.

Tsjinstanners binne benaud dat de campings skea tabringe sille oan de natuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)