Friezen kinne it minst útjaan

25 jul 2007 - 12:33

Friezen ha it leechste beskikber ynkommen fan alle Nederlanners. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistyk. Friezen ha yn trochsneed 12.900 euro per jier om út te jaan. Ynwenners fan Grinslân en Oerisel sitte dêr krekt boppe.

It measte beskikber ynkommen ha de ynwenners fan de Rânestêd mei 15.500 euro. De sifers gean oer it jier 2005. It giet om it bedrach dat de minsken konkreet te besteegjen hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)