Klappen fanwege joint

25 jul 2007 - 11:01

De plysje ûndersiket de mishanneling fan in 27-jierrige man út Sweagerbosk mei in mitseltroffel. Hy soe slein wêze troch in kollega út Ljouwert dy't er ophelle yn Twizelerheide.

De Ljouwerter woe de auto ynstappe mei in hasj-sigret en dat woe de Sweagerbosker net. De Ljouwerter waard dêrop lilk en sloech de bestjoerder mei in troffel op 'e holle. De man moast him behannelje litte yn it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)