Seldsume planten op Skier

© Omrop Fryslân
Op Skiermûntseach binne seldsume plantesoarten fûn. Yn 'e dunen is de 'fine gentiaan' oantroffen. Dat plantsje is noch nea earder op it eilân sjoen. Op in oar plak yn 'e dunen stiet it plantsje 'stof-sied'. Dy soarte komt al desennia lang net mear foar op Skiermûntseach.
Natuermonuminten hat mei help fan frijwilligers jonge beamkes en boskjes yn 'e dunen fuorthelle. Dêrtroch is de typyske dúnbegroeiing goed weromkommen.