Weststellingwerf pakt út

© Omrop Fryslân
Weststellingwerf stelt 80.000 euro beskikber om fiif ambisjeuze plannen yn de gemeente fierder út te wurkjen. Ien dêrfan is in ferbining fan Nasjonaal Park De Weerribben mei natuergebiet de Rottige Meente. Ek moat der in moeras-akwadukt komme yn 'e wei Wolvegea-Emmeloord.
Der binne ek plannen foar in MBO-oplieding mei omtinken foar hynstesport en foar in ferdjippe spoar yn Wolvegea.