Kaarten mei skeelerrûtes

25 jul 2007 - 10:07

Arriva komt minsken dy't skeelerje of kuierje wolle yn 'e mjitte. De ferfiersmaatskippij ferkeapet in waaier mei 26 rûtes, mei in lingte fan 3 oant 16 kilometer. Begjin- en einpunt is hieltyd in stasjon.

De waaier mei de rûtekaarten is te keap foar fiif euro by de VVV Ljouwert en by Arriva sels yn Ljouwert en Grins. De kommende tiid krije de keapers der fergees in deikaart op ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)