Rein fertraget wurk hoveniers

© Omrop Fryslân
De oanhâldende rein fan de lêste tiid soarget by hoveniersbedriuw Frisia út Burgum foar fertragingen. De hoveniers koene tiisdei sels hielendal net wurkje troch de buien. As der tefolle rein falt kin it gers fan de klanten mei gjin mooglikheid meand wurde. Ek it oare wurk bliuwt lizzen troch de wiete grûn.
Oft it bedriuw troch it minne waar ferlies draait, is no noch net te sizzen.