Berger ûnbedoeld yn traumahely

24 jul 2007 - 15:50

De rêdingsaksje, tiisdei op 'e Hegemer Mar, hie eins net hoegd. Dat seit Hans van Haarlem fan sylskoalle It Beaken yn Heech. Ien fan harren boatsjes fan it type tsjotter sloech tiisdei om mei twa learlingen deryn.

Helptsjinsten rukten massaal út doe't de drenkelingen al wer oan board helle wiene fan in begeliedingsboat. Ien fan 'e bergers bedarre yn in traumahely dy't de opfarrenden rêde woe, sei Van Haarlem.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)