FNP: blau-alch better bestride

24 jul 2007 - 14:28

De FNP yn Ljouwert fynt dat de gemeente te laks is by de oanpak fan blau-alch. Al foar it tredde jier op rige is it irritearjende plantsje fûn yn it swimwetter fan rekreaasjegebiet Griene Stjer.

De FNP wol fan it kolleezje witte oft de gemeente no mei maatregels komt. Neffens de partij kin 'De Blauwe Diamant' fan Ljouwert him yn it heechseizoen gjin ûnfeilich swimwetter permitearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)