Goed nijs foar útprosedearren

In meiwurker fan Flechtelingewurk sprekt de asylsikers ta
Yn de needopfang foar útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum is de earste brief oankommen mei nijs oer in ferbliuwsfergunning. In man fan 23 jier út Togo, dy't seis jier yn Nederlân wennet, komt yn oanmerking foar it generaal pardon. Tritich fan de 73 bewenners fan de needopfang falle dêr net ûnder.
Flechtelingewurk wie yn it sintrum om antwurd te jaan op fragen fan asylsikers oer de nije tastân.