Ravaazje yn leechsteand hûs

Fandalen wiene op besite yn renovaasjehûs
Yn in leechsteande wente oan de Polle yn Arum binne moandetemiddei grutte fernielings oanrjochte. It hûs wurdt op it stuit ferboud. Alle ruten binne ynslein en binnendoar is it ek in ravaazje. Sa binne bussen ferve leechgoaid tsjin in doar en is der fan alles omsmiten.
De plysje hat in buertûndersyk dien. Dat hat oant no ta noch gjin spoaren ta de dieders of brûkbere tips opsmiten.