Siler rekket fingertopke kwyt

24 jul 2007 - 10:58

De plysje hat moandei by Balk in ferwûne siler holpen. De 40-jierige man út Eindhoven wie by it silen in fingertopke kwytrekke. Dat wie bard doe't er in hendel tsjinhâlde woe.

Op it Tsjamkedykje frege de siler om help oan plysjes dy't dêr tafallich op sureveillânse delkamen. De plysjes hawwe de ferwûne man nei de earste help fan it Antoniussikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)