Balymeiwurker oanfallen

24 jul 2007 - 10:20

Yn it stêdskantoar fan Ljouwert is moandei in 37-jierrige ynwenner fan 'e stêd oanhâlden. Hy foel oan 'e baly in meiwurker mei twa stjitstiennen oan. Dy rekke swier ferwûne oan 'e holle. Fierders bedrige er oaren mei de dea. Fjouwer minsken hawwe oanjefte tsjin de de agressive Ljouwerter dien.

De amokmakker is oanhâlden en sit noch fêst op it plysjeburo. Hy hie bûtendoar ek noch mei in stien ek noch in auto rekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)