Bêd leit net lekker nei Sonja

© Omrop Fryslân
In nuver fenomeen by bêdesaak Meulen & Baarsma yn Ljouwert. De saak krijt hieltyd faker minsken yn 'e winkel dy't klachten ha oer de kwaliteit fan harren faak ridlik nije matras.
Algau docht bliken dat de minsken sa bot ôffallen binne, dat it matras net mear goed past by it nije gewicht. Neffens direkteur Van der Meulen is it it gefolch fan it Sonja Bakkerjen. By de klanten dy't weromkommen binne, is it matras opnij útmjitten.