Jabikskrúskrúd moat derút

© Omrop Fryslân
Fryske boeren wachtsje noch hieltyd op dúdlikens fan 'e provinsje oer de oanpak fan it Jabikskrúskrûd. It plantsje begjint alwer te groeien en dat kin gefaarlik wêze foar kij en hynders. Se kinne der slim siik fan wurde of sels oan deagean.
Yn april siet LTO Noard mei de provinsje oan tafel om in oplossing foar it probleem te finen. LTO wol dat lâneigners ferplichte wurde it krûd fuort te heljen.