Dochs feest yn Earnewâld

23 jul 2007 - 12:36

De hoareka yn Earnewâld kin tiisdei dochs in feest hâlde nei ofrin fan it skûtsjesilen. It feest stie earst faai om't organisator, kafee it Jagershûs, op lêst fan de gemeente ticht is.

Oare ûndernimmers út Earnewâld woenen de organisaasje wol oernimme, mar dêr hie boargemaster Polderman earst beswier tsjin. Nei in brânbrief fan de hoareka jout de gemeente no wol grien ljocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)