Lijst Pim Fortuyn opheft

23 jul 2007 - 10:59

De fêstige polityk hat der foar soarge dat de Lijst Pim Fortuyn gjin takomst mear hat. Dat seit LPF-lid Joeri Wiersma fan Ljouwert. Hy wie in pear jier assistent fan syn heit Harm Wiersma dy't Twadde-Keamerlid wie foar de LPF.

Sneon ha de leden fan de LPF besluten de partij op te heffen. Neffens Joeri Wiersma is syn partij tsjinwurke. De LPF hat yn Fryslân noiat echt in foet oan de grûn krije kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)