Jonkje (8) bestellen fan gsm

© Omrop Fryslân
In 8-jierrich jonkje út Ljouwert is sneon bestellen fan syn gsm doe't er tegearre mei in groepke freonen by de Griene Stjer foar it stopljocht stie. Fan de oare kant kaam in jonge fan in jier as 16 oanfytsen.
Yn it foarbygean skuorde dizze jongen de telefoan út de hannen fan it slachtoffer. De dieder naaide dêrnei gau út. De plysje docht op it stuit ûndersyk.