Man stelt beurs út hûs
De plysje is op syk nei in ûnbekende man dy't sneon in beurs stellen hat út in wenhûs oan de Wetstrjitte yn Ljouwert. De 29-jierrige bewenster fan it hûs kaam de man tsjin yn har bykeuken.
De man naaide doe hurd út. Letter die bliken dat er de beurs fan de frou út har tas helle hie.